De Sloveenske haadstêd Ljubljana, UNESCO City of Literature sûnt 2015, biedt skriuwers twa kear in moanne residinsje yn it Švicarija/Swisshouse Creative Center, diel fan it International Centre of Graphic Arts yn it park fan de stêd.

Dochst mei oan lokale literêre eveneminten en oare aktiviteiten yn ‘e stêd, mar der is ek tiid en romte om te skriuwen.

Perioade:
1-30 juny of 17 oktober – 17 novimber 2023.

Mear ynformaasje is te finen op ‘e webside fan Ljubljana City of Literature. Dêr kinst ek reagearje op de oprop. Doch dat foar 7 jannewaris 2023.