Oprop foar skriuwers út Fryslân: skientme socht! Skriuwst mei om Fryslân wat fertsjinne, útsteld lok te bringen?

Foar it projekt Utsteld lok sammelt Ljouwert UNESCO City of Literature hûndert ferhalen út Fryslân, Nederlân en de rest fan ‘e wrâld. De ferhalen wurde yn 2022 presintearre tidens Arcadia.

Utsteld lok is ynspireare op in boek út ‘e 14e ieu: de Decamerone fan Giovanni Boccaccio. Yn Europa struit op dat stuit de Swarte Dea mei fertriet. Sân froulju en trije manlju flechtsje Florence út en hâlde ta yn in filla yn ‘e bergen. Dêr fertelle se inoar tsien dagen lang tsien ferhalen, hûndert ferhalen yn totaal. De ferhalen binne hoopfol, pittich, humoristysk en somtiden eroatysk. Se geane oer leafde en waansin, korrupsje en krêft fan ‘e natuer. De personaazjes fertelle inoar dizze ferhalen om de tiid troch te kommen, inoar te fermeitsjen, te reflektearjen op de ellinde mar ek, en boppe-al, om wer in lyts bytsje skientme en lok te finen.

Foar Utsteld lok freegje wy hûndert skriuwers nei harren fisy op skientme en hoe’t de wrâld derút sjocht as dy skientme alle romte krijt.

Bist yn in paradys. Wa en/of wêr bisto? Bisto? Wat bart der, wat is der?

Kinst dyn ferhaal basearje op ‘e (net sa fiere) takomst, op in paradyslik ferline of op pure fantasy. Mei dit gedachte-eksperimint wolle wy net allinich skriuwers, mar ek takomstige lêzers en harkers stimulearje om nei foaren, nei boppen te sjen, nei in lange tiid wêryn’t de wrâld foar in soad minsken sa beheind wie. Tinke oan in paradys (dat klinkt makliker as it is) stimuleart de ferbylding, mar bringt ek beweging: wy kinne earne hinne wurkje (of, krekt oarsom, langstme hawwe nei wat west hat?), bouwe, dreame, dêrfan genietsje. Faaks is dát just it paradys: net in einpunt wêrop’t de wrâld perfekt is, mar in wrâld wêryn’t gelok sawol in steat fan wêzen as in tiidwurd is.

  • Deadline foar it ynstjoeren: freed 17 septimber 2021
  • Ynstjoere kin yn alle talen
  • Dyn ferhaal hat heechút 2500 wurden
  • Elts kin ien ferhaal ynstjoere
  • It ferhaal mei net earder publisearre wêze
  • Jou by it ynstjoeren ek dyn namme, wenplak, bertejier en skriuwûnderfining troch
  • Wy brûke it online formulierprogramma Jotform om de ferhalen te sammeljen


Ut de ynstjoerde ferhalen wurdt troch Ernst Bruinsma, Marleen Nagtegaal en Jan Gaasenbeek fan Ljouwert City of Literature in seleksje makke op basis fan kwaliteit en orizjinaliteit. Sy krije de ferhalen sûnder de nammen fan de skriuwers te lêzen. Hearst heal novimber fan ús oft dyn ferhaal selektearre is.

Selekteare skriuwers dogge mei oan it projekt en krije, lykas alle oare dielnimmende skriuwers, in fergoeding fan 700 euro. By meidwaan jouwt de skriuwer tastimming om it ferhaal te publisearjen fia Ljouwert UNESCO City of Literature har eigen kanalen en dy fan partners fan it projekt.

Utsteld lok is in projekt fan Ljouwerter UNESCO City of Literature en makket diel út fan Arcadia 2022.

De uterste ynstjoerdatum hat west. Kinst gjin ferhalen mear ynstjoere.

Hast fragen oer dizze oprop? Mail dan nei uitgesteldgeluk@leeuwardencityofliterature.nl

Foto: Mirjan van der Meer