Op freed 8 july foel de twadde edysje fan simmermagazine LETTER fan Ljouwert UNESCO City of Literature op ‘e matte, as bylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. Net allinnich it blêd sels is lêzensweardich, ek krijt de lêzer in soad boeketips.

Passend by ús grutte Arcadia-projekt Utsteld gelok is it oerkoepeljende tema foar LETTER 2022: gelok. Falt it te definiearjen? Hoe duorsum is gelok? En is it wichtich, of binne bygelyks betrouwen en ienriedigens fan mear belang? Ferskate kanten fan (ûn)gelok wurde beljochte. Under oare yn ynterviews mei terapeut Jeroen Stek, FSP-direkteur Ingrid van de Vegte en aktrise/makker Tet Rozendal. Dêrneist skreau NRC-redakteur Marjoleine de Vos in essee oer tefredenheid en makke nij talint Fien Veldman in koart, drôvich ferhaal. Ek binne der gedichten fan Paul van Dijk, Meliza de Vries en Rick Terwindt te finen. It magazine befettet in soad yllustraasjes, fan ûnder oaren Cote Create en Berber van den Brink.

Gelok en gelikensens 

LETTER past by ien fan de spearpunten fan Ljouwert City of Literature: lêsbefoardering. De titel fan it blêd ferwiist yn it Nederlânsk nei lêzen en yn it Frysk nei letter (yn de tiid). Yn it magazine wurde nammentlik de global goals (wrâlddoelen foar in duorsume ûntwikkeling, dêr’t wy ús as UNESCO-organisaasje oan ferbine) keppele oan literatuer en lêzen. Yn de edysje fan 2021 lei de klam op duorsumens en natuer. Yn de 2022-edysje steane gelok en gelikensens sintraal.

LETTER wurdt ferspraat as taheakke fan LC en FD. Dêrneist wurdt LETTER ferspraat fia û.o. boekhannels. Op ús webside stiet in grut part fan de artikels yn sawol Nederlânsk as Frysk.