Sûnt 6 septimber binne dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen op paad by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân. Hy folle syn team oan mei muzikant Zea (Arnold de Boer), fotografe Rosa van Ederen en in groep gastdichters en gie dêr yn 2020 mei op ’en paad. It partisipaasjeprojekt strâne nei fjouwer sesjes troch covid. Ljouwert City of Literature hat it projekt ein 2021 oernaam fan de Stichting Dichter des Vaderlands, sadat it dochs ôfmakke wurde kin.

Deiritme fan it hûs

Dit neijier wurde op ’e nij soarchynstellingen opsocht troch Bruinja, De Boer en Van Ederen. Sy wurde wer oanfolle mei kollega-dichters, wêrûnder Alara Adilow en Nyk de Vries. De keunstners sille wiidweidich mei bewenners yn petear en folgje it deiritme fan it hûs. Hjirby wurde alderearst Suderigge op De Lemmer, soarchsintrum It Bilt yn Sint-Anne, Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum en Haersmahiem yn Bûtenpost oandien. Foar elke ynstelling kiest it soarchpersoniel fjouwer dielnimmers út. Dizze bewenners meitsje ûnder begelieding fan de fjouwer keunstners in selsportret yn de foarm fan in foto, gedicht en/of liet. Ek meitsje de keunstners in portret, gedicht of liet op basis fan petearen mei harren. It einresultaat wurdt de deis dêrnei presintearre by in feestlik programma foar alle bewenners en meiwurkers fan it tehûs.

Portretten in Poëzy is mei mooglik makke troch it Lira Fûns en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

De útkomsten fan de besites binne te finen op de projektside fan Portretten in Poëzie.

Foto: Rosa van Ederen

Omrop Fryslân belle op 6 septimber mei Tsead Bruinja. Harkje hjir it ynterview werom (fan minút 50 oant minút 52).