Op snein 14 augustus kaam mei it foarlêzen fan it 100e ferhaal in ein oan it Arcadia-projekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Mar op festival Explore the North krije besikers noch fjouwer kear de kâns om fergees in ferhaal te belústerjen yn Ljouwert.

Op sneon 15 en snein 16 oktober wurde fjouwer ferhalen op ’e nij ferteld. Yn de tún fan it Sint Anthony Gasthuis wurde op sneon de Frysktalige ferhalen Sille wy in spultsje dwaan? fan Nyk de Vries en De wyldernis yn fan Albertina Soepboer foarlêzen troch aktrise Brecht Wassenaar, om 13.30 en 15.30 oere. Op sneintemiddei stelle Hein de Graaf en Marijke Tiemersma harren tún oan Bagijnestrjitte 30 beskikber foar de ferhalen Voltooid tegenwoordige tijd fan Etgar Keret (13.30 oere) en Een prachtige verkwanseling fan Roderik Six (15.30 oere). Regisseur/akteur Zen Roorda lêst dy ferhalen foar yn it Nederlânsk.

sneon 15 oktober

Tún fan it Sint Anthony Gasthuis,
Perkswaltje 145 Ljouwert

Brecht Wassenaar lêst:
snein 16 oktober

Tún fan Hein de Graaf en Marijke Tiemersma,
Bagijnestraat 30
Ljouwert

Zen Roorda lêst:
13:30-14:00 oereSille wy in spultsje dwaan?
van Nyk de Vries (Frysk)
Voltooid tegenwoordige tijd
van Etgar Keret (NL)
15:30-16:00 oereDe wyldernis yn
van Albertina Soepboer (Frysk)
Een prachtige verkwanseling
van Roderik Six (NL)

Entree fergees

Foar Utsteld gelok liet Ljouwert City of Literature troch hûndert skriuwers in koart ferhaal skriuwe. Dy ferhalen waarden ûnder Arcadia hieltyd yn in oare tún yn Fryslân foarlêzen. It literêre projekt luts goed 3.600 besikers. By de tajefte op Explore the North jildt krekt as ûnder Arcadia dat de ferhalen fergees en sûnder oanmelding en/of festivalbantsje te besykjen binne, en dat der in binnen-opsje is by min waar. Oars as yn de simmer hoeve besikers net sels in stuoltsje mei te nimmen.

Ljouwert City of Literature arbeidet breder op mei Explore the North. Sa meitsje se tegearre – mei Barcelona City of Literature as tredde partner – de residinsje fan de Katalaanske dichter Guim Valls mooglik. Hy wurket tegearre mei de Fryske skriuwster Anne-Goaitske Breteler oan nij wurk, dat se op it festival presintearje sille. It programmaûnderdiel Eenzamens/Iensuminske komt dêrneist fuort út it literêre projekt Sprekende Stenen fan Studio Sytse Jansma, Over de Drempel en Ljouwert City of Literature. Ljouwert City of Literature is ek belutsen by de projekten Pidgin X en Acht korte composities over het leven van Oekraïners voor een westers publiek.

foto: Job Pijlman