De provinsje Fryslân stelt 18.200 euro beskikber foar it meitsjen fan seis Fryske oersettingen fan fjouwer berneboeken, in toanielstik en fyftich gedichten.

It giet om oersettingen fan ferskate berneboeken, in Sweedsk toanielstik en fyftich gedichten. Sa sil Ytsje Steen Pinkeltje in Friesland oersette, Rymkje Zijlstra it boek Lampje en Baukje Wytsma De jongen, de mol, de vos en het paard. Dizze trije boeken komme út by de útjouwerij fan de Afûk. Martsje de Jong sil it boek De gorgels en het geheim van de gletsjer fan Jochem Myjer oersette foar útjouwerij Bornmeer.

Dêrnjonken lit útjouwerij Perio fyftich gedichten út ferskate talen oersette nei it Frysk en op fersyk fan de Stichting Doarpstún Snakkerbuorren wurdt it Sweedske toanielstik Die Kommune Kollektivet oerset.

Yn earste ynstânsje wie de provinsje fan doel subsydzje te jaan foar trije wurken. Omdat der mear oanfragen binnenkamen as ferwachte, is dat tal útwreide nei seis.