Alle jierren docht Cedin in oprop foar nije fersen foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Cedin wol foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Binne dy geskikt, dan wurde se bondele wurde yn FeRsefariaasje, in boekje dat nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurdt. Der binne trije groepen:

– Starters                    1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
– Trochsetters            2de en 3de klassers, dus 14/15 jier;
– Toppers                    4de klassers, MBOers en HBOers, 16/17/18 jier.

De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht Rampgebiet fan Paul van Dijk. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. FeRstival hopet wer in soad fersen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage! Bydrages kinne oanlevere wurde oant 1 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl.

Skriuwgroep FeRstival

Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. Digitaal meidwaan is ek mooglik. De Skriuwgroep wurdt fergees oanbean troch Cedin en Tresoar. Mear ynformaasje en oanmelde foar de Skriuwgroep op ferstival@cedin.nl.

Foto: Piet Douma