De grutste samling Aldfryske rjochtshânskriften, de Richthofenkolleksje, dy’t by Tresoar bewarre wurdt, is taheakke oan it Nederlânske Memory of the World Register fan Unesco.

De hânskriften fan de Richthofenkolleksje binne makke fan likernôch it jier 1100 ôf. De Friezen skreaunen doe de rjochtsregels, dy’t se iuwenlang mûnling trochjûn hiene, yn hânskriften op. De histoaryske en wittenskiplike wearde fan de Richthofenkolleksje foar de kennis fan it midsiuwske Fryske rjochtslibben en de skiednis fan de Fryske taal en it lânskip is fan ûnskatbere wearde.

Unesco hat sûnt de iere jierren 1990 it wrâldwide Memory of the World Register. It hat sechtjin dokumintêre erfguod items mei in (foar in part) Nederlânske eftergrûn (yn oktober 2022).

Om it tritichjierrich bestean fan it Unesco-programma te fieren is it Nederlânsk Memory of the World Register makke, dat útsûnderlik dokumintêr erfgoed mei in sterk Nederlânsk imago befetsje sil. Foarsitter Martin Berendse fan it Komitee Nederlands Memory of the World: “Met dit register plaatsen we een aantal zeer gevarieerde collecties en stukken in de spotlight. Dat helpt ons beseffen hoe bijzonder en divers ons Nederlandse documentaire erfgoed is.”