Wjerspegelje - Leeuwarden City of Literature

Hannen waskje? Gedicht lêze! Sûnt corona waskje wy ús hannen better as ea. Hoe moai is it om yn dy tweintich sekonden in prachtich Frysk gedicht te lêzen? Dat kin mei Wjerspegelje, in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân.

Wjerspegelje is basearre op it foarbyld fan Zwolle (weerspiegelen.nl) en útfierd mei stipe fan ‘e provinsje Fryslân.

De fyftich Frysktalige gedichten fan 28 dichters binne te finen op spegels yn húskes op mear as 200 lokaasjes yn ‘e hiele provinsje: yn ‘e horeka, biblioteken, skoallen en gemeentehûzen. Mei de QR-koade kinst ek de Nederlânske oersettingen fan de gedichten lêze.