Tusken 7 maaie en 14 augustus 2022, alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân.
100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes
De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Annelies Verbeke, Elke Geurts, Etgar Keret (Israël), Gerda Blees, Joke van Leeuwen, Koos Tiemersma, Marek Šindelka (Tsjechië), Nyk de Vries, Pilar Quintana (Kolombia), Thomas Verbogt en njoggentich oare auteurs skreaunen der allegearre in nij koart ferhaal oer.
Fyftjin professionele fertellers lêze dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen, yn pluk- en teetunen en op festivals. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.
Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest.
Lykas doe fertelle we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.
Praktyske ynformaasje
* Utsteld gelok is fergees tagonklik;
* Kinst spontaanwei delkomme, hoechst net te reservearjen of dy oan te melden (útsein foar de premiêre foar wa’t útnûge is op 7 maaie);
* Fol is fol;
* Nim sels in túnstoel of tekkentsje mei;
* We sitte bûtendoar, klaai dy op it waar;
* Mei wolkom, yntroduksje, it ferhaal, neiprate en mooglik in rûntsje troch de tún duorret it programma likernôch oardel oere (op festivals koarter);
* De ferhalen binne neidat se ferteld binne ek te lêzen en te beharkjen op de webside.
Foto: Mirjan van der Meer