Literêre bank - Leeuwarden City of Literature

Literatuer mear sjen litte, dat is ien fan de doelstellingen fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dêrom is yn opdracht fan de gemeente Ljouwert in earste literêre bank pleatst by de Grutte of Jacobijnertsjerke. Op 30 juny 2022 is de bank ûntbleate troch wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert.

Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuurprojekt Sprekende stenen fan Over de drempel ferbûn oan de bank. It ûntwerp en de útfiering fan de bank en de acht ‘sprekkende’ gevelstiennen yn it sintrum fan Ljouwert binne fan keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom.

Ljouwert City of Literature wol de kommende jierren ek yn oare gemeenten yn de provinsje Fryslân sokke banken ûntwikkelje.

Foto’s 1 en 2: Sytse Jansma
Foto’s 3 o/m 9: Natalia Balanina