Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân.

De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2023 skriftlik oppenearje by stifting FLMD.