Wy binne tige wiis mei alle oanmeldingen fan prachtige tunen dy’t wy krigen hawwe as reaksje op ús oprop foar 100 paradyslike tunen foar Utsteld gelok. It oanmelden soe mooglik wêze o/m 20 febrewaris, mar om’t wy no al mear as de 100 sochte tunen oanmeld krigen hawwe, slute we de ynskriuwing earder.

Yn de tunen wolle we yn de perioade fan kultureel programma Arcadia, fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022, ús 100 nij skreaune koarte ferhalen fertelle oan publyk. Alle dagen in oar ferhaal oer de syktocht nei skientme yn en nei in pandemy, alle dagen op in oare lokaasje yn Fryslân, 100 dagen lang. Utsteld gelok is basearre op de Decamerone.

We sille net alle oanmelde tunen bydel kinne mei in ferhaal. We ha út guon gebieten yn Fryslân mear oanmeldingen as út oare. Benammen út Ljouwert e.o. en Frjentsjer binne der in protte oanmeldingen.

We kieze de tunen op basis fan beskikberens en sprieding oer de provinsje. Wa’t syn as har tún oanmeld hat, heart heal maart fan ús oft we de tún al as net opnimme hawwe kinne yn it programma.

Foto: T´ún De Goudbek yn Ternaard, Helma Sjamaar-Dupuis