It Britske ‘Noirwich Crime Writing Festival’ hat út twa ferskillende UNESCO Cities of Literature ‘Virtual Writers in Residence’ beneamd foar de kommende (online) edysje: Anita Terpstra út Ljouwert en Paddy Richardson út Dunedin, Nij-Seelân. Stipe troch festivalorganisatoaren fan it National Centre for Writing en de Universiteit fan East Anglia, sille se nij wurk skriuwe en kontakten ûnderhâlde tusken Norwich, de earste UNESCO-literatuerstêd fan Ingelân, en harren thússtêd.

Anita Terpstra’s debútthriller Nachtvlucht waard nominearre foar de Schaduwprijs en de Crimezone Thriller Award. Samen wie nominearre foar de Gouden Strop. Har boeken binne oerset yn it Dútsk en Frânsk. Paddy Richardson is skriuwer fan twa ferhalebondels en sân romans. Through the Lonesome Dark stie op de shortlist foar de New Zealand Historical Novel Award en op de longlist foar The Dublin International Literature Award.

Grutsk

Terpstra: “Ik fiel my grutsk dat ik selektearre bin foar de firtuele residinsje fan Noirwich Crime Writing Festival. It is spitich dat wy yn Nederlân gjin literêre festivals hawwe dy’t it misdiedsjenre sintraal stelle. Norwich mei der grutsk op wêze dat se dat wol ha! Faaks kin de stêd Ljouwert, dy’t no ek in UNESCO literatuerstêd is, yn de takomst sa’n festival organisearje. Ik hoopje dat Ljouwert troch myn residinsje ‘op de thrillerkaart’ set wurdt en ik sjoch der nei út om myn teksten te dielen mei de (firtuele) besikers fan it festival.”

Online foarm

Noirwich Crime Writing Festival 2020 fynt plak yn in online foarm fan 10 oant 13 septimber 2020. It programma bestiet út live Q&A’s, ynteraktive workshops kreatyf skriuwen, in firtuele lêsgroep en diskusjepanels. As ‘Virtual Writers in Residence’ ferskine Terpstra en Richardson ûnder it festivalwykein op The Writing Life Podcast en ha se de opdracht krigen om twa nije teksten te skriuwen.

Sjoch foar it folsleine programma en ticketynformaasje op de webside en by @NOIRwichFest op Twitter.

Foto: Harry Cock