De Skriuwersfakskoalle jout yn it neijier fan 2022 wer in skriuwkursus Skriuwtechniken foar begjinnende auteurs dy’t it Frysk as skriuwtaal brûke. De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Schrijversvakschool Groningen, Ljouwert UNESCO City of Literature en Tresoar.

Yn 2020 is Schrijversvakschool Groningen al yn gearwurking mei dbieb úteinsetten mei kursussen yn fiksje- en non-fiksjeskriuwen yn Ljouwert, mei it Nederlânsk as skriuwtaal. Yn 2021 sette de earste groep Frysktalige skriuwers útein.

Schrijversvakschool Groningen jout les yn Zwolle, Deventer, Grins en Ljouwert. De skoalle biedt kânsen foar wa’t krekt úteinsetten is mei it skriuwen, foar wa’t him breed ûntwikkelje wol, foar wa’t al fierder is yn in sjenre of foar wa’t saaklik skriuwen leare wol. Elts nivo hat talittingseasken en betingsten.

Mear ynformaasje oer de kursus Skriuwtechniken en de byhearrende yntroduksjeles folgje. Hast belangstelling of wolst mear witte? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl.