Marloes van der Singel hat mei har gedicht Ode to a home de skriuwwedstriid wûn dy’t Ljouwert UNESCO City of Literature en Arcadia útskreaun hawwe foar The Gaia Papers, in inisjatyf fan Exeter UNESCO City of Literature. The Gaia Papers is yn Exeter diel fan it programma om Gaia fan keunstner Luke Jerram hinne, yn febrewaris yn de katedraal fan Exeter. Gaia wie yn de 100 dagen fan Arcadia yn Fryslân te sjen. De oarspronklike Ingelske ferzje fan it gedicht kinst hjir lêze. Jantsje Post en Willem Adema makken op ús fersyk de Fryske oersetting, dy’tst hjir lêst:

Oade oan in thús

Dit is de wrâld
seit jim heit
as er dy in lytse ierdbol
yn ’e hân leit
en do lakest
want hiest nea tocht
dat er sa lyts wie en sa moai

skriuwst dyn adres
mei oan ’e ein ‘ierde, hielal’
dat lêste stikje rekkest geandewei kwyt
lykas it ierdboltsje datst altyd by dy hiest
kleuren, lannen en hiele kontininten
waarden feal yn ’e broeksbûse
oant it weiwaard yn in swart gat

smoarhite simmernachten stoarjend nei de stjerren
langút yn it sêfte hege gers
fan de bloeiende klaproasfjilden
op bêd te hyt om te sliepen
fielst dy sa lyts ynienen
sa neatbetsjuttend, as de mich
dy’tst fyndrukst mei in feech fan dyn hân

dit is de wrâld
seit jim heit
dêr’t dolfinen inoar net mear beroppe kinne
troch it leven dat wy minsken
ûnder wetter meitsje
lege skiliften hingje
as fergetten jierdeislingers
boppe skeanten dêr’t no gers op waakst
ivige snie net ivich mear
dêr’t ienris wetter stie ronfelet de ierde
lân opslikke troch gletsjers
dy’t rane as in iislolly
yn ’e smoarge hantsjes fan in lytse pjut

wat soest graach wolle datst dyn thús
wer yn ’e hân hâlde koest
as in relikwy
en dat jim heit wer sei
dit is de wrâld

Marloes van der Singel (1982) skriuwt gedichten oer ûnder oare it krijen fan kiuwen en it ferliezen fan watst leafsthast. Har wurk is publisearre yn ferskate literêre tydskriften en yn in samling fan de bêste wittenskiplike poëzij. Van der Singel is lid fan de Klimaatdichters en jout lessen poëzij op basisskoallen.

The Gaia Papers is in papieren en digitaal tydskrift, dat ein febrewaris 2023 yn Exeter ferskynt. Neist ferhalen fan lokale skriuwers, foto’s makke troch it publyk en kreatyf wurk fan jongerein út ‘e stêd is der romte foar literêre bydragen út oare Cities of Literature. Sa sammelt Exeter City of Literature wrâldwide perspektiven op har tema Care, Connection and Celebration.

 

 

Foto Gaia: ThomasVaer fotografie