Ljouwert UNESCO City of Literature bringt tidens keunst- en kultuermanifestaasje Arcadia, it ferfolch op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, it meartalige en fergees tagonklike programma ‘Utsteld lok’. Hjiryn wurdt alle hûndert dagen fan Arcadia, fan 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022, in nij ferhaal ferteld. 

100 dagen, 100 ferhalen

De ferhalen wurde hieltyd troch immen oars skreaun, op in orizjinele manier ferbylde, op in ûnferwacht plak brocht. Boarne fan ynspiraasje is de Decamerone, it 14e ieuske masterwurk fan de Italjaanske dichter en gelearde Boccaccio. In samling fan hûndert ferhalen, ferteld yn tsien dagen troch tsien jonge minsken, op ‘e flecht foar de pest. De ferhalen binne hoopfol, pittich, humoristysk en bytiden ek eroatysk. Se behannelje leafde en waansin, korrupsje en krêft fan ‘e natuer.

Yn ‘Utsteld lok’ stean fragen sintraal fan deselde oarder as yn de Decamerone. Wêr kinne wy ​​skientme fine yn en nei de pandemy fan hjoed? Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Yn 2021 wurde skriuwers frege de ferhalen te skriuwen. De details fan it meartalige en fergees tagonklike programma wurde begjin 2022 bekend makke. Updates oer de oprop foar skriuwers en it programma komme op leeuwardencityofliterature.nl te stean.

Oer Arcadia

Yn de maitiid en simmer fan 2022 fynt de earste edysje plak fan Arcadia, in hûndert dagen duorjende keunst- en kultuermanifestaasje as ferfolch op Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Yn dat jier wurken tsientûzenen minsken mei-inoar oan in sterk kultureel programma. Dêrmei waard in earste stap set nei in nij Fryslân wêryn’t wy mei help fan keunst en kultuer better foar inoar en de ierde soargje. Oan dizze beweging wurdt mei Arcadia in ferfolch jûn. Ek by Arcadia wurkje keunstners en de mienskip tegearre oan it takomstbestindich trochjaan fan ‘it bêste lân fan d’ierde’. Startdatum: 7 maaie 2022.

foto: Mirjan van der Meer