Ferlet fan lêsgelok? Dan hawwe wy goed nijs! Ek yn 2023 dogge wy yn gearwurking mei in protte oaren alle war om dy (lês)ynspiraasje te jaan. Kinst útsjen nei pop-up lêsadvys, simmerblêd LETTER en in aginda fol literêre aktiviteiten.

Yn Fryslân binne in protte skriuwers, dichters, literêre oersetters, útjouwers, biblioteken, boekhannels en poadia dwaande mei it meitsjen en bringen fan literatuer en poëzy. Yn de aginda op dizze webside jouwe wy in sa folslein mooglik oersjoch fan eveneminten en aktiviteiten dêr’tsto hinne kinst. Tips binne altyd wolkom!

Wat kinst noch mear fan ús ferwachtsje?

Yn 2022 koest 100 dagen genietsje fan ús projekt Utsteld gelok. By de folgjende edysje fan Arcadia, yn 2025, komme wy fansels op ‘e nij mei in moai programma. Yn de tuskentiid hoechst ús net te missen. Dit is wat wy biede yn 2023:

  • Pop-up lêsadvys yn gearwurking mei de Culturele Apotheek. De earste kear datst (fergees) in resept ophelje kinst foar boeken dy’t by dy passe, is tongersdei 16 maart fan 13.30-16.00 oere, yn literêr Kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar (nei de lunchlêzing mei Mira Feticu, mar kinst ek sa even binnen rinne). Mear datums en lokaasjes folgje gau!
  • Boekelizzers mei alle seizoenen in nij gedicht en bypassende yllustraasje. Se binne fan 21 maart ôf te krijen by de gruttere boekhannels yn de provinsje.
  • Magazine LETTER, dat krekt foar de simmerfakânsje ferskynt, krekt as de ôfrûne twa jier. Kinst dit blêd fol ferhalen en boeketips fine as bylage fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad of ophelje by de Fryske boekhannels.

Foar (takomstige) skriuwers en dichters

Ljouwert UNESCO City of Literature is der fansels ek foar wa’t sels skriuwt:

  • (Better) skriuwen leare kin wer mei de kursussen dy’t wy yn Ljouwert organisearje yn gearwurking mei Schrijversvakschool Grins en Tresoar (ûnder de namme Skriuwersfakskoalle). In nije kursus set yn de maaitiid útein.
  • Bist in betûfte skriuwer of dichter en wolst graach oan dyn presintaasje wurkje? Yn maart begjint in searje masterclasses yn gearwurking mei Tryater en Explore the North. En wy hawwe foar de hjerst ek in kursus yn petto.

Op de hichte bliuwe?

Neist boppesteande binne der grutte plannen foar nije literêre banken, poëzij op ûnferwachte lokaasjes en optredens fan skriuwers út kollega-Cities of Literature dy’t hjir op residinsje binne. En wa wit, komt der sels in tajefte op Utsteld gelok

Bliuw op ‘e hichte troch ús te folgjen op Facebook en Instagram, en dy oan te melden foar ús nijsbrief dy’t alle moannen ferskynt.

Foto: Mirjan van der Meer