Wolst graach mear en bettere ferhalen skriuwe yn it Frysk? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdeitejûn 7 septimber is der in yntroduksjeles foar de kursus Skriuwtechniken by Tresoar yn Ljouwert.

Yn de kursus Skriuwtechniken komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. 

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goeie wize kommintaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.

De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken binne fan 5 oktober ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild is 480 euro. Wa’t foar 15 septimber ynskriuwt, krijt 25% koarting. Op woansdeitejûn 7 septimber fan 18:45 oant 21:45 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles en de kursus kin op www.skriuwersfakskoalle.frl. Wolst earst mear ynformaasje? Mail mei Tryntsje van der Steege: tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl. 

*Lesdata:
5, 12 en 26 oktober;
9 en 23 novimber;
7 en 21 desimber 2022;
11 en 25 jannewaris; 
8 en 22 febrewaris;
8 maart 2023.

foto: Andrew Seaman – Unsplash