De Katalaanske dichter Guim Valls út Barcelona wennet in moanne yn Ljouwert en wurket mei de Fryske skriuwster Anne-Goaitske Breteler oan nij wurk, dat se presintearje sille op festival Explore the North.

It binne twa folslein ferskillende skriuwers: Guim is in dichter waans trefwurden urban, hip-hop en direkte taal binne. Anne-Goaitske makket proaza en ferdjippet har yn lokale skiednis en sosjology. Dochs diele se ek in protte, lykas harren belangstelling foar mytology en leginden en de fassinaasje foar harren taal – it Katalaansk en it Frysk.

Yn maaie 2022 wie Anne-Goaitske te gast yn Barcelona op it ynternasjonale Poesia Festival. Dit útwikselingsprojekt is in gearwurking tusken Explore the North, Barcelona City of Literature en Ljouwert City of Literature.

De útkomsten fan de gearwurking binne snein 16 oktober fan 17.00 oant 17.45 oere te sjen yn Catalunya X Fryslân – Guim Valls en Anne-Goaitske Breteler yn De Kapel van Dbieb, op festival Explore the North. Tagong op fertoan fan in polsbandsje foar it festival.

Leeuwarden City of Literature is belutsen by fiif projekten op festival Explore the North:
Pidgin X
Eenzamens/Iensuminske (Sprekende stenen)
Acht korte composities over het leven van Oekraïners voor een westers publiek
Uitgesteld geluk
Catalunya X Fryslân – Guim Valls en Anne-Goaitske Breteler

Foto: Laia Serch