Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ’e mûle helje wol? It geheim ûntdekke achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Dyn hiele hâlding ynsette om dyn tekst hearre te litten? Meld dy dan oan foar de workshoprige fan fiif jûnen oer foardracht foar profesjonele skriuwers en dichters. Yn 2021 dienen 5 profesjonele skriuwers en dichters út Fryslân mei oan de workshoprige. De twadde rige begjint op woansdei 31 augustus en wurdt oanbean troch Ljouwert UNESCO City of Literature, Tryater en Explore the North. 

Yn dizze rige workshops ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ’e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. We wurkje mei dy oan hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrager. Nei fiif gearkomsten jouwe we op 14 oktober mei ús allen in performance foar publyk op festival Explore the North.

Ljouwert UNESCO City of Literature ynvestearret yn in profesjoneel literêr klimaat yn Ljouwert en Fryslân en organisearret tegearre mei Tryater en Explore the North dizze workshoprige as ûnderdiel fan it creative writing programme. Profesjonele skriuwers en dichters kinne har oant en mei 10 july oanmelde mei de knop hjirûnder.

It dielnimmen oan de workshops is fergees. We meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte dy yn de wike fan 18 july witte ofst meidwaan kinst. Ast selektearre bist, dan ferwachtsje wy datst oan alle geearkomsten dielnimst. De workshopjûnen binne op:
31 augustus, gebou fan Tryater
7 septimber, gebou fan Tryater
21 septimber, dbieb
28 septimber, dbieb
29 septimber (try-out/trochrin), dbieb
hieltyd fan 19.30 oant en mei 22.00 oere.
De einpresintaasje is op 14 oktober op festival Explore the North.

Wolst mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektkoördinator Ljouwert UNESCO City of Literature, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.


foto: Lucas Kemper