Wa kin it him net mear yn it sin bringe? It prachtige keunstwurk Gaia fan Luke Jerram dat Sense of Place presintearre by Arcadia: in ferljochte bol fan leafst sân meter trochsneed, dy’t de ierde sjen lit sa as dy fan de moanne ôf sichtber is.

Koest Gaia yn 2022 bygelyks sjen op Oerol, yn it Woudagemaal op ‘e Lemmer en yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Yn febrewaris 2023 hinget it keunstwurk in moanne lang yn de katedraal fan Exeter, de Britse stêd dy’t krekt as Ljouwert UNESCO City of Literature is. Underdiel fan it programma om it keunstwurk hinne is it projekt The Gaia Papers en dêrfoar kinsto in ferhaal of gedicht skriuwe!

The Gaia Papers is in papieren en digitaal magazine, dat ein febrewaris 2023 yn Exeter ferskynt. Njonken ferhalen fan lokale skriuwers, foto’s fan it publyk en kreatyf wurk fan lokale jongeren is der romte foar literêre bydragen út oare Cities of Literature wei. Sa sammelet Exeter City of Literature wrâldwide perspektiven op harren tema ‘Care, Connection, and Celebration’.

Wa kinne meidwaan?

Ljouwert UNESCO City of Literature organisearret yn gearwurking mei Arcadia in skriuwwedstryd foar in ynstjoering foar The Gaia Papers. Elk dy’t yn Fryslân wennet kin dêroan meidwaan. Oftst no in soad of hielendal gjin publikaasjes op dyn namme stean hast, noch nei skoalle ta giest of folwoeksen bist, yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk skriuwst.

Wat binne de betingsten?

Dyn ynstjoering moat oan de neikommende betingsten foldwaan:

  • It ferhaal of gedicht moat gea oer it miljeu en/of klimaat(aksje) en passe by it tema ‘Care, Connection, and Celebration’ (soarch, ferbining en fiering).
  • It maksimaal oantal wurden is 500.
  • De ynstjoering mei Frysk, Nederlânsk as Ingelsk wêze (Ljouwert UNESCO City of Literature soarget by in ynstjoering yn it Frysk of Nederlânsk foar in Ingelske oersetting).
  • De ynstjoering moat nij wurk wêze en is dus net earder publisearre.
  • De ynstjoering moat op ‘en lêsten sneon 21 jannewaris by ús binnen wêze, sjoch hjirûnder.
  • Cities of Literature Exeter en Ljouwert plus Arcadia meie de ynstjoering frij fan rjochten mar fansels allinnich mei de namme fan de skriuwer derûnder publisearje.

Wat kinst winne?

  • De winnende ynstjoering wurdt troch Exeter UNESCO City of Literature publisearre yn The Gaia Papers. Dat is in drukt magazine dat ferkocht wurdt yn de pleatslike boekhannels en in digitaal magazine dat online fergees dield wurdt.
  • Op leeuwardencityofliterature.nl wurdt it winnende ferhaal yn trije talen publisearre (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk). By genôch ynstjoerings fan hege kwaliteit wurde ek nûmers 2 en 3 út de seleksje op dat plak publisearre.
  • De nûmer 1 kriget in fergoeding fan € 250,- en de beskikking oer de oersettingen.

Hoe kinst meidwaan?

  • Stjoer dyn ferhaal of gedicht op ‘en lêsten sneon 21 jannewaris (foar middernacht) yn mei dizze link (do wurdst trochstjoerd nei it  it online programma Jotform).
  • Folje inkelde fjilden yn en laad dyn ferhaal as Word-bestân op. De ferplichte fjilden binne; namme, bertedatum, wenplak, telefoannûmer, e-mailadres en in koarte biografy (maks. 50 wurden).
  • De ynstjoerings wurde yn de wike fan 23 jannewaris beoardiele troch in saakkundige sjuery.
  • Foar of op 1 febrewaris wurdt de winner bekend makke.
  • Ein febrewaris wurdt it ferhaal publisearre en fan dan ôf kin de skriuwer de ynstjoering en/of The Gaia Papers ek sels diele.

Wy winskje jim in protte skriuwynspiraasje ta en sjogge dyn ynstjoering graach temjitte!

Foto: ThomasVaer Fotografie