Op freedtejûn 28 oktober waard mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022, dit jier fan 28 oktober o/m 6 novimber. Yn de Fryske Boekewike krije lêzers by it besteging fan op syn minst 15 euro oan Fryske boeken it boek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong kado. Skriuwer Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra trede yn de Fryske Boekewike fjouwer kear op yn de provinsje.

Frysk Boekefeest

Op it Frysk Boekefeest op freedtejûn 28 oktober waard it kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong presintearre.

Kadoboek

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by in besteging fan op syn minst €15,00 oan boeken.

Optredens Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra

Skriuwer fan it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.

  • Moandei 31 oktober, 19.30 – 22.00 oere, Bibleteek it Hearrenfean*
  • Woansdei 2 novimber, 19.30 – 22.00 oere, Bibleteek Drachten, tagong fergees
  • Tongersdei 3 novimber, 19.30 – 22.00 oere, Kultureel sintrum De Tiid, Boalsert*
  • Snein 6 novimber, 15.30 – 18.00 oere, Podium Gorter, Balk, tagong fergees

It programma duorret twa kear 45 minuten mei in healoere skoft. By alle optredens fan Ferdinand de Jong en Gurbe Douwstra binne de nijste Fryske boeken te keap. Fansels krije jo ek hjir by oankeap fan op syn minst €15,00 oan Fryske boeken it Kadoboek fan Ferdinand de Jong der fergees by.

* Tagong €3,50 foar leden, €5,00 foar net-ledenreservearje fia dizze link.