Dizze wike binne yn de opnamestudio fan Tryater de acht ferhalen foar it literatuerprojekt Sprekende Stenen ynsprutsen troch stimakteur Peter Sijbenga. Dizze ferhalen binne meikoarten te beharkjen op acht lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert.


Oan de gevel fan acht gebouwen wurde stiennen gesichten befêstige. Troch de bypleatste QR-koade te scannen kinst de ferhalen beharkje. De teksten binne skreaun troch Nicole van den Berg, Raymond Muller, Remco Kuiper, Gemale Bofunda en Sytse Jansma.

Op elk syn of har eigen wize, yn ferskillende sjenres en stilen, hawwe sy portretten makke fan minsken dy’t op in bepaald momint yn it libben gjin oansluting fine koenen mei de mienskip. Wat dochst dan? Wat slagget wol? It binne prachtige, iepenhertige ferhalen wurden oer fearkrêft fan sawol de minske as de mienskip.

It literatuerprojekt Sprekende Stenen is in gearwurking tusken kultuerprogramma Over de drempel en Leeuwarden City of Literature en wurdt tidens Arcadia presintearre.