UNESCO rjochte yn 2004 it Creative Cities Network (UCCN) op. Dêrmei befoarderje se de gearwurking mei en tusken stêden dy’t kreativiteit fan strategysk belang achtsje foar duorsume stedsûntwikkeling.

Binnen it netwurk fan omtrint 350 stêden besteane nauwe bannen tusken stêden mei deselde kreative fokus. Dat kin ûnder mear design wêze, film, gastronomy, muzyk of… literatuer! Ljouwert-Fryslân draacht sûnt novimber 2019 de titel ‘UNESCO City of Literature’, krekt as sa’n fyftich oare stêden yn de wrâld. It giet dêrby net om in titel foar in jier, mar om in bliuwend lidmaatskip fan it netwurk. De hjoeddeiske Cities of Literature binne ûnder oaren Edinburgh, Quebec, Reykjavik, Exeter en Bremen. Stêden dy’t ek yn it netwurk sitte en wêrmei’t wy op dit stuit frekwint kontakt hawwe, binne: Barcelona, Edinburgh, Nottingham en Ljubjana.