Boeken fan Fryslân organisearret yn gearwurking mei dbieb op sneon 18 maart in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2023 Lize Spit yn dbieb yn Ljouwert.

Spit wûn yn 2016 de Bronzen Uil foar it bêste Nederlânsktalige debút foar har boek ‘Het smelt’. Foar datselde boek ûntfong sy ek de earste Hebban Debuutpriis. Ein 2020 ferskynde har twadde roman ‘Ik ben er niet bij’.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Elske Schotanus de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Lize Spit, as de oersetter, Elske Schotanus, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje.

Foto: Shody Careman