De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 wurdt op sneontejûn 6 maart om 20.00 oere útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert. Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. De útstjoering, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes, foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike dy’t plakfynt fan 6 oant en mei 14 maart.

Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek foar de Boekewike te skriuwen. It kadoboek is yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees te krijen is by de oankeap fan in boek. Mei de útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn ’e mjitte te kommen. De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westerkerk yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies.

Nationale Boekenweek yn de simmer

De Nationale Boekenweek wurdt yn ferbân mei koroana ferpleatst nei in momint yn de simmer. Ynstee dêrfan organisearret it CPNB yn de wike fan 6 oant en mei 14 maart ‘een week vol boeken: het voorwoord van de Boekenweek’ mei û.o. in grut literêr online programma en publyksaksjes om de boekhannels te stypjen. It Boekenweekgeschenk dat skreaun is troch Hanna Bervoets, ferskynt dan yn de simmer yn de échte Boekenweek as boekhannels en bibleteken wer iepen binne.  Yn gearwurking mei it CPNB wurdt it nasjonale boekewikegeskink ek dit jier wer útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting. Dy Fryske edysje ferskynt tagelyk mei de Nederlânske útjefte.

Mear ynformaasje oer it Frysk Boekefeest op de webside fan de Afûk.

Mear ynformaasje oer ‘Het voorwoord van de Boekenweek’ en de Nationale Boekenweek op www.cpnb.nl.

Hilda Talsma – foto: Siska Kroondijk