It is dit jier 100 jier lyn dat de Richthofenkolleksje yn besit kaam fan Provinsje Fryslân en ûnderbrocht waard by Tresoar. Op freedtemiddei 16 desimber fiert Tresoar de mylpeal fan dizze bysûndere kolleksje, dy’t op 1 novimber ek it predikaat UNESCO Memory of the World krigen hat. Want wat is eins de Richthofenkolleksje? En wêrom is dy kolleksje sa belangryk foar Fryslân?

Mei lêzingen fan û.o. Vincent Robijn (direkteur Collectie Overijssel), prof. dr. Andreas Deutsch (direkteur Deutsches Rechtswörterbuch) en de ûndersyksgroep Pastei, wurdt it in nijsgjirrige middei. Fansels hellet Tresoar foar dizze spesjale gelegenheid de Richthofenkolleksje út it depot, sadatst de hanskriften mei eigen eagen besjen kinst!