No’t it iepenbiere libben stadichoan wer begjint, organisearret de Westerkerk yn juny ûnder de titel ‘Vrij’ in pear yntime kulturele en literêre freedtejûnen. Leeuwarden City of Literature presintearret op freed 12 juny trije Fryske dichters, dy’t foardrage út nagelnij wurk. Tuskentroch kinst as besiker genietsje fan in ienfâldich, smaaklik miel. 

Arjan Hut, Elmar Kuiper en Sigrid Kingma drage yn de sfearfolle seal fan de Westerkerk nij wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. Do wurdst (allinnich, yn duo’s of mei de húshâlding) om 18.00 oere ferwachte en nimst plak oan in gesellich dutsen taffeltsje yn ‘e seal. Nei broadsjes en wat nútsjes draacht de earste dichter foar. In lekkere vega-pasta en in twadde foardracht folget. Nei in swiet hapke, is it tiid foar de tredde dichter. De jûn wurdt enerzjyk oan inoar praat troch de jonge skriuwer/akteur Stijn Schootstra. Nei ôfrin is der romte foar in ynformele neisit oan it eigen taffeltsje. 

Oer de dichters 

Ald-stedsdichter en tsjintwurdich-Wâlddichter Arjan Hut (1976) gie yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 nei Malta. Dêr gong it geroft dat hy pas foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam. Syn ûntdekkingen en ûnderfiningen wjerklinke yn syn nije bondel ‘Fjoertoer yn it Wâld’. Elmar Kuiper (1969) skriuwt Fryske en Nederlânske gedichten en toanielteksten. Boppedat is er byldzjend keunstner, sjonger en filmmakker. De poëzy yn syn nije bondel ‘Wite Mûle, Swarte Molke’ is direkter en konfrontearjender as earder. Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk en debutearre yn 2016 mei de dichtbondel ‘Reade triedleas / Red wireless’. Koartlyn liet se har foar 11 nije fersen ynspirearje troch de 11 (yn 2018 yn de Fryske stêden pleatste) fonteinen.

Oer de jûn 

Yn ferbân mei de RIVM-maatregels is der mar plak foar 30 persoanen. Do moatst yn it foar kaarten reservearje en in tal gegevens (sa as de aard en omfang fan dyn eventuele selskip) ynfolje. Foarôfgeand oan ‘e jûn wurdt der kontakt mei dy opnommen troch de Westerkerk om ferskate praktyske saken troch te nimmen. De ynrin begjint op 12 juny om 18.00 oere. De eintiid wurdt ynskat op 21.30 oere. 

Kosten en reservearjen 

De kosten binne per persoan € 17,50, jongerein oant 18 jier € 12,50. Dit is ynklusyf iten en tapwetter. Oare drankjes falle bûten de priis en kinne op de jûn sels besteld en (mei pin) betelle wurde. Do kinst dyn kaarten reservearje fia de webside fan de Westerkerk. Wachtsje net te lang, fol is fol! 

ÚTFERKOCHT!

Foto : Meadow Marie fia Unsplash

Arjan Hut, foto: © Jeroen van der Kallen
Elmar Kuiper, foto: © Piet Douma
Sigrid Kingma, foto: © Hoge Noorden / Jacob van Essen