Yn de Doarpstsjerke Huzum wurdt alle jierren troch in Nederlânske prominint de Slauerhoff Lezing hâlden. Dat bart hieltyd om syn stjerdatum hinne. Op tongersdei 6 oktober wurdt de Slauerhoff Lezing fersoarge troch prof. dr. mr. C.J.M. (Kees) Schuyt.

De titel fan de lêzing fan sosjolooch en jurist Schuyt is: Slauerhoffs libben en hjoeddeistige (ûn)ferdraachsumens. Ek stiet er stil by belangrike tinkers oer it belang fan tolerânsje lykas Coornhert, Bayle en Voltaire.

Nei it skoft folget in primeur fan de bekende Fryske tenor Albert Bonnema: hy bringt tegearre mei pianist Andrew Wise in muzikale oade oan Jan Slauerhoff. It giet om lieten op tekst fan Slauerhoff, komponearre troch Wim Franken. Dêrneist skreau Andrew Wise twa nije komposysjes op basis fan tekst fan de grutte yn Ljouwert berne dichter.

Reservearje yn it foar kaarten à € 6,00
Mear ynformaasje