It grutste poëzyfestival fan de lege lannen wurdt yn 2023 foar de alfde kear fierd! Ek yn Fryslân wurde aksjes en aktiviteiten organisearre om poëzij te fieren. It tema fan de Poëzieweek is dit jier ‘Freonskip’.

Sûnt 2000 is der ein jannewaris alle jierren ekstra omtinken foar poëzij. It byhearrende Poëziegeschenk is dit jier skreaun troch Mirjam Van hee en Hester Knibbe. Lêzers krije it kado yn de boekhannel as se €12,50 besteegje oan poëzij. De Poëzieweek is oanlieding foar ferskate aktiviteiten om dichters en gedichten hinne.

Yn Fryslân organisearje ûnder oaren literêr tydskrift Ensafh, de jonge skriuwers fan Meeuw jonge theatermakers en Explore the North, de biblioteken, stifting Bildts Aigene, Podium Gorter, stichting Art Connection, Dichter bij Leeuwarden, Afûk en Tresoar aktiviteiten yn de Poëzieweek. De aktiviteiten yn Fryslân binne te finen op poezieweek.com/activiteiten, sykje op it trefwurd ‘Friesland’.

Organisearrest ek in aktiviteit en stiet dy noch net op de webside? Set ‘m dan sels op de side (by ‘activiteiten’, ‘voeg een activiteit toe’. Set yn dyn tekst:
benieuwd naar meer Poëzieweek-activiteiten in Friesland? Zoek in het overzicht op trefwoord ‘Friesland’. Sa bringe we alle aktiviteiten yn Fryslân foar it ljocht!