Yn it lêste wykein fan septimber 2020 organiseart útjouwerij Grotesk yn Tresoar in masterclass poëzy yn ‘e Fryske taal. De doelgroep is de betûfte, effektyf publisearjende Fryske dichter. De dielnimmers kinne harren konsintrearje op oarspronklikens, ferdjipping en dichterlik masterskip yn ien praktyske yntinsive wykeinkursus. Se sille de sintrale kwestjes besjen, dy’t der foar soargje dat gedichten wichtich, ‘urgint’ en fassinearjend binne.

De treners binne Elmar Kuiper en Abe de Vries, twa bekende Fryske dichters mei gâns ûnderfining yn it lesjaan en it begelieden fan skriuwers, De kursus hat in ynteraktive workshop-foarm, dêr’t de dielnimmers (mei) sels bepale wat der op ‘e aginda stiet. It maksimum tal dielnimmers is seis, sadat elk yndividueel en op maat feedback krije kin.

It oanbod omfettet û.o. it tinken oer it skeppingsproses (‘wat doch ik hjir eins’), mar ek saken as rigel-ôfbrekken en oar wyt tusken de wurden, it nut fan fêste fersfoarmen en it brûken fan humor, ritme, meldij en ferbylding. De grutmasterkursus lit de partisipant oan syn eigen dichteksperimint wurkje, ferrommet syn begryp fan keunst. It wykein begjint mei de basis en beslút mei in pittich einprojekt. De skriuwer kin syn nije talinten dalik tapasse; de treners stjoere eltsenien nei hûs mei in ‘te dwaan’-list om de fokus op it artistike proses te hâlden.

Mear ynformaasje en oanmelde