Utsein dat har pake en beppe der berne en begroeven binne, wist Anita Terpstra hast neat fan de skiednis fan Harkema. Mar doe stjoerde in freondinne in foar har ferbjusterend artikel mei de fraach: “Hjir komt dyn famylje dochs wei?” 

It is it begjin fan in syktocht nei de eftergrûn fan har foarâlden, it doarp en syn omkriten. In gebiet dat fan âlds berucht is om syn ektreme earmoed, ynteelt en befolking fan alkoholisten, kriminelen, sedeleazen en analfabeten. In plak wêr’t minsken noch oant healwei de tweintigste ieu yn spitskeeten en ferboude pikehokken wennen. Wêrom hat har famylje salang yn earmoed libje moatten? It antwurd op dizze fraach is ûnskiedber ferbûn mei de skiednis fan de fean- en heidestreken yn it eastlike part fan Fryslân, de Wâlden.“Al mijn moeders’ is in konfrontearjende famyljeskiednis, oer arbeiders, earmoed en in gebiet wêr’t foarútgong en wolfeart ieuwen oanien oan foarby gean is.


Anita Terpstra (1974) studearre sjoernalitysk en keunstskiednis. Earder hat se tige wurdearre thrillers skreaun lykas it foar de “Gouden strop” nominearre “Samen”. Dêrnjonken skreau sy “Het huis vol”, in súksesfol non-fictieboek oer grutte húshâldings fan eartiids, en de roman “Moedermaffia”.


Dizze lunchlêzing by Tresoar begjint om 12.30 oere en duorret ûngefear 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees. Y.f.m. ferwachte drukte is reservearje ferplichte! By it oanmelde kinst oanjaan oftst ek gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (2 broadsjes + 1 konsumpsje, fan 12.00 ôf). De kosten dêrfoar binne 4 euro, te beteljen by oanfang.