Tongersdei 23 maart organisearret Leeuwarden UNESCO City of Literature Lettertreffen, in gearkomste foar de Fryske literêre sektor. Dy middei prate wy útjouwers, bibleteken, boekhannels, literêre tydskriften, skriuwers en stypjende organisaasjes by oer ús plannen as City of Literature en litte wy sprekkers oan it wurd oer de betsjutting fan lêzen oer it finen en binen fan lêzers. Nei ôfrin is der tiid om inoar te moetsjen by in buorrel.

Lettertreffen is op tongersdei 23 maart yn De Westerkerk, Bagijnestraat 59, Ljouwert. Oanmelde kin (fergees) oant 17 maart fia de knop hjirûnder.

De tiden binne as folget:
14.30 oere: ynrin mei kofje/tee
15.00 oere: programma mei sprekkers (sjoch hjirûnder)
16.30 oere: buorrel as ôfsluting
17.30 oere: ein programma

In pear dagen foar Lettertreffen krijst in e-mailbefêstiging mei praktyske ynformaasje.

Sprekkers

Adriaan van der Weel en Ruud Hisgen

Adriaan van der Weel en Ruud Hisgen hâlde tegearre in lêzing oer harren resinte boek: ‘De lezende mens, De betekenis van het boek voor ons bestaan’ (Atlas Contact, 2022). Yn dizze “ode aan het échte, aandachtige lezen” (Volkskrant) stelle se dat wy al ús kennis en ús krityske tinken te tankjen hawwe oan it lêzen. Mar wat is lêzen krekt en wat betsjut de opkomst fan it skerm foar ús lêsgewoanten?
Adriaan van der Weel is emeritus heechlearaar boekwittenskip oan de Universiteit Leiden. Ruud Hisgen is letterkundige, skriuwer, oersetter, learaar en direkteur fan it Direct Dutch taalynstitút yn Den Haach. Tegearre hawwe se earder boeken en essays skreaun oer Ierske en Australyske literatuer.

Marije Wilmink en Akke Visser

Kulturele aptekers Marije Wilmink en Akke Visser skriuwe yn in sprutsen kollum literêre medikaasje foar tsjin soargen oer ûntlêzing en de dêr by hearende driuwende saken dy’t op dit mêd yn Fryslân in rol spylje. Se jouwe ús literêr selsbetrouwen in needsaaklike optater.
De Culturele Apotheek skriuwt gjin poeders foar, mar dikke pillen. Gjin salfkes, mar lêsfoer om it libben wat sachter te meitsjen. Gjin pleisters, mar wol proaza en poëzij dy’t helpe om de wûnen fan it libben te genêzen. Koartsein: mei in protte nocht en oertsjûging brûke Wilmink en Visser literatuer as medisyn om it deistich lijen lichter te meitsjen.