Tagelyk mei de lanlike Kinderboekenweek is it dit jier ek wer Berneboekewike. It tema fan de Kinderboekenweek is Gi-ga-groen. It Kinderboekenweekgeschenk is in ferhaal út de populêre rige De waanzinnige boomhut. Bysûnder is dat it geskink fan ‘t jier ek yn in Fryske oersetting te krijen is! Boeken fan Fryslân hat Martsje de Jong ree fûn om de oersetting te meitsjen: Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta! By besteging fan op syn minst €15,00 oan berneboeken krigest it geskink kado.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Boeken fan Fryslân: boekenfanfryslan.frl.