Op ‘e nij moetet hiel Fryslân elkoar om ferhalen te fertellen en te belústerjen. Yn de hiele provinsje iepenje doarren fan kroegen, huzen, bibleteken, doarpshuzen, musea en tsjerken foar persoanlike ferhalen fan fertellers fan tichtby en fierwei. It tema fan dit jier is ‘De Ommekear’. Want neat is sa nijsgjirrich as dát momint yn it libben dat der foar soarge datst it hielendal oars dwaan giest…

Wolst ek in ferhaal fertelle? Meld dy dan oan fia de webside: verhalenavond.nl. Dêr fynst ek alle lokaasjes dêr’t ferhalen ferteld wurde. Sa kinst kieze wêrt’sto op 18 novimber as publyk hinne wolst.