De Stadskas en festival Explore the North binne nei twa coronajierren werom! De Stadskas op it Hofplein is fan 1 o/m 16 oktober rom twa wike lang it kulturele hert fan Ljouwert. Alle dagen fynst dêr in fergees tagonklik programma; fan jonge wurdkeunstners oant aventuerlike teatermakkers út de stêd of de provinsje. Tidens it festival rinst troch de Ljouwerter binnenstêd en wurdtst op de meast bysûndere plakken ferrast troch ferhalen, muzyk, teater en noch folle mear. Lokale helden, ynternasjonale toppers, jong talint en âlde bekinden diele it poadium. Dêrmei lit Explore the North de Ljouwerters, Friezen en gasten fan bûten elk yn ‘e kunde komme mei wat der ûnder it eigen stedsoerflak boarrelet.

Op it festival sjochst ek produksjes dêr’t Ljouwert UNESCO City of Literature by belutsen is, en dy’t we dy fansels oanriede:
* Pidgin X
* Eenzamens / Iensuminske
* Acht korte composities over het leven van Oekraïners voor een westers publiek

(foto: Xanne Vera Wijkamp)