Mei de Utmolken Toer steane Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar alle wykeinen fan oktober op in oar plak yn Fryslân. De oanlieding: de nije dichtbondels: Wite Mûle, Swarte Molke fan Kuiper en Ommers fan Tighelaar. De Utmolken Toer stiet garant foar in bûnte milkshake oan poëzy en muzyk.

Kuiper en Tigchelaar hawwe fan harren sels al in unike smaak yn de Fryske literatuer, mar de optredens wurde ek noch mjukse mei gastdichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. De band Xigatze skommet de poëtyske iismolke ekstra op.

Oer de dichters

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen. Op 3 oktober kriget er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Ni Hao’ en hy is ien fan ’e winners fan de troch Frysk literêr tydskrift Ensafh útskreaune wedstriid foar de Lange koartproazajûn mei it tige koarte ferhaal ‘Syn rassuvere knyn’. Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans yn 2016 de Obe Postmapriis. Yn Ommers steane proazagedichten, it isTigchelaar syn twadde bondel. Foarpublikaasjes dêrfan komme op it Instagram-akkount @om.mers.

Kaarten

De tagong is fergees. Der moat al fanwegen koroana fan te foarren reservearre wurde. Dat kin per mail.

Foto: Ydwine Scarse