Boeken fan Fryslân organisearret op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafé De Bogt fen Guné yn Frjentsjer in ferhalejûn mei optredens fan Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra en muzyk fan Weima en van der Werf.

Fierder it bekendmeitsjen fan de winner fan de ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’. De winner mei fuortendaliks syn/har ferhaal foardrage foar it publyk en wint fierder in boekepakket én publikaasje fan it ferhaal.

In jûn foar elkenien dy’t fan lêzen en boeken hâldt! De tagong is fergees.

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Boeken fan Fryslân: