It tema fan de 88ste Boekenweek, dy’t plakfynt fan sneon 11 oant en mei snein 19 maart, is Ik ben alles. Lize Spit skriuwt it Boekenweekgeschenk, Raoul de Jong it Boekenweekessay, Tsead Bruinja it twatalich Boekenweekgedicht. Elske Schotanus makke yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske oersetting fan it Boekenweekgeschenk.

Lêzers krije it Boekenweekgeschenk fan de boekhannel as se € 15,- besteegje oan boeken. It Boekenweekessay is te krijen yn de winkels foar € 5,-.


Yn de Boekenweek wurde in protte aktiviteiten organisearre, û.o. yn biblioteken en by boekhannels.

Foto Lize Spit: Shody Careman